Kuorbaloranje sil oefenje

03 sep 2010 - 11:27

It Nederlânsk kuorbalteam spilet nije wike woansdei in oefenwedstriid tjin de Fryske regioseleksje. De wedstriid is ûnderdiel fan de tarieding foar it EK kuorbal dat yn oktober yn Nederlân spile wurdt.

Ljouwert is dan ek ien fan de fjouwer stêden dêr't wedstriden binne. Dútslân, Hongarije, en Servië spylje yn de groepsfaze yn de Fryske haadstêd. De oefenwedstriid fan woansdei is yn sportsintrum Kealledykje en begjint om 19:30.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)