Underwiisynspeksje nei Fryslân

De Underwiisynspeksje ferhuzet fan Grins nei Ljouwert. Dat smyt 40 arbeidsplakken op. Fan febrewaris takom jier ôf sil de tsjinst him festigje yn de Achmeatoer. De Inspectie van het Onderwijs is oan it reorganisearjen. It tal regiokantoaren wurdt werombrocht fan 8 nei 5.
Noard-Hollân is by de noardlike provinsjes yndield. Ljouwert is dêrom neffens de direkteur in goeie festigingsstêd. De gemeente Ljouwert is bliid mei de komst fan 'e ynspeksje.