Ynbraak yn winkel Harns

03 sep 2010 - 10:50

In winkel oan de Marconistrjitte yn Harns hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei doelwit west fan ynbrekkers. Om der yn te kommen waard in doar iepenbrutsen. Der binne in tal laptops, in platte tillevyzje en in digitaal fototastel meinommen.

Yn Wynjewâld waard ynbrutsen yn in kantoar oan de Weinterp. Ek hjir waard in doar iepenbrutsen om der yn te kommen. Der is in beurs mei in grut jildbedrach weinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)