Promillekart yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Jongerein tusken de 16 en 24 jier kinne nije wike sneon yn Frjentsjer ride yn in saneamde promillekart. Dat is in kart, in lyts autootsje, wêryn't ûnderfûn wurde kin hoe't it is om mei alkohol op achter it stjoer te sitten.
Op ôfstân kin de kart op 'ride ûnder ynfloed' set wurde. De kart sil dan reagearje krekt as oft de bestjoerder dronken is. De gemeente Frjentsjerteradiel wol op dizze wize jongeren bekend meitsje mei de gefaren fan alkohol yn it ferkear.