Frou Eanjum rydt skiep dea
In 18-jierrige frou fan Eanjum hat tongersdeitemoarn op de Saatsenwei yn Eanjum in skiep deariden. It stek fan in stik greide stie iepen. Dêrtroch rûn in keppel skiep op 'e dyk om. De frou koe in oanriding net mear foarkomme.
Har auto rekke by de botsing skansearre oan de foarkant. De plysje hat mei de eigner de bisten wer werom dreaun it lân yn.
Trefwurden:
argyf