Buspassazjiers mei bom bedrige

03 sep 2010 - 09:56

In noch ûnbekende man hat tongersdei sa'n 30 passazjiers yn de bus fan Ljouwert nei Burgum mei de dea bedrige. Hy hie in swarte tas by him en rôp dat dêr in bom yn siet. Ek pakte hy in passazjier by de kiel.

In tal minsken flechte út de bus doe't de sjauffeur de bus stilsette yn Tytsjerk. De man is lang om let yn Quatrebras útstapt. De plysje ropt minsken dy't yn de bus sieten op har te melden. Se kinne oanjefte dwaan fan it barren of har as tsjûge melde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)