Voedselbank Dokkum fan start

© Omrop Fryslân
Minsken mei in smelle beurs kinne tenei ek yn Dongeradiel terjochte by in voedselbank. Voedselbank Dongeradiel begjint freed mei it útjaan fan de earste pakketten. It nije inisjatyf hat in plakje krigen yn de eardere Boumanskoalle yn Dokkum.
Der komme in soad oanmeldings binnen foar help fan de voedselbank. Oant no ta komme dêrút tsien húshâldings yn oanmerking foar de voedselpakketten. De basispakketten komme fan in sintraal punt yn Rotterdam.