Ferlinging yngreep hertklep

02 sep 2010 - 20:06

Sikehûs it MCL mei dit hiele jier noch trochgean mei de yngreep om hertkleppen te ferfangen fia de ljisk. It sikehûs yn Ljouwert hat op 'e nij útstel krigen fan minister Klink yn ferbân mei in harksit oer de saak ein novimber.

Earder al krige it MCL útstel oant 20 oktober. It MCL hie beswier makke tsjin it beslút fan de minister om dizze yngreep mar ta te stean yn fiif kliniken yn Nederlân. Der stean op dit momint 12 minsken op de wachtlist.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)