Bettere service by Romein

02 sep 2010 - 16:27

Poppoadium Romein yn Ljouwert sil syn service ferbetterje. Se dogge dit nei oanlieding fan in ûndersyk dat in stazjêre dien hat. Ien fan de oanbefellings út dat ûndersyk is om it staazjejild op de bekers ôf te skaffen. It systeem is ynfierd om foar te kommen dat der in soad ôffal ûntstiet. No wurdt keazen foar hurde plestik bekers en dat wurket ek goed.

In oar advys is om it kafee faker iepen te dwaan as der in konsert is. Dat advys sil ek oernommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)