Trekkers tenei op grutte dyk

02 sep 2010 - 16:02

De provinsje wol lânboutrekkers op de grutte diken yn Fryslân ride litte. Sa moatte ûngelokken foarkommen wurde mei trekkers dy't op de lytsere diken in gefaar foar fytsers binne. In automobilist mei haast, dy't troch in stadige trekker opholden wurdt, moat tenei mar efkes geduld dwaan.

Om auto's dochs ynhelje te litten, sille passearstroken foar de trekkers oanlein wurde. Lânbouferkear mei tenei ek hurder ride op de grutte diken; 40 km de oere yn plak fan 25 no.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)