Nij MFC foar Aldskoat

Aldskoat krijt einlings in nij multyfunksjoneel sintrum. It âlde skoalgebou, de Schoterschans, wurdt sloopt en dan kin de nijbou begjinne. Yn it sintrum komme ûnder oare de iepenbiere skoalle, in mediateek en in pjutteboartersplak.
Dêrneist sil der romte komme foar it sosjaal kultureel wurk en aktiviteiten fan Pleatslik Belang. De totale kosten fan it nije sintrum komme op in 4,5 miljoen. Ein takom jier wurdt de iepening ferwachte.