Amelân gjin shirtsponsor mear

02 sep 2010 - 14:30

Oan de oerienkomst tusken It Amelân en fuotbalklup Grins komt nei trije jier in ein. Dêrmei ferdwynt de namme Ameland fan it shirt fan de spilers. De shirtreklame moast ûnder oare mear toeristen nei it eilân lûke.

Goedkeap wie de sponsoring net, alle jierren is der 180 tûzen euro betelle oan Grins. In bedrach dat mear as de helte fan it promoasjebudzjet fan it waadeilân opslokte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)