Jonge trapet rút bushokje yn
In jonge fan 15 jier út Burgum is woansdeitemiddei yn Drachten oanholden foar fernielerij. Tsjûgen hiene sjoen dat de jonge in rút fan in bushokje yntrape hie en warskôgen de plysje. Dy hat de jonge oppakt.
Op it buro hat de jonge proses-ferbaal krigen, wêrnei't er wer nei hûs mocht.