Trije auto's op elkoar

02 sep 2010 - 10:23

By in oanriding op de Wâldwei by Drachten is woansdei in 29-jierrige man út Servië ferwûne rekke. De bestjoerder krige maleur mei de auto en bleau midden op 'e dyk stean. In 38-jierrige automobilist út Koatstertille botste achterop de auto fan de Serviër.

In 77-jierrige bestjoerder fan De Westereen seach de oanriding te let en klapte der ek boppe op. De Serviër moast nei it sikehûs, de oare twa bestjoerders kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)