Pake Sytse yn premjêre

02 sep 2010 - 10:07

Oan it petgat by it arkje fan skriuwer Rink van der Velde op De Feanhoop is woansdei de teaterfoarstelling Pake Sytse yn premjêre gien. Alle 500 stuollen fan in driuwende tribune wiene beset. It lokaasjestik is basearre op it boek Pake Sytse dat de yn 2001 ferstoarne Van der Velde yn 1975 skreaun hat.

Freark Smink spilet de rol fan Sytse Cavelier. It stik soe ynearsten 8 kear spile wurde, mar fanwege de grutte belangstelling binne dat 16 wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)