Gjin huzen Tochmaleane Kollum

02 sep 2010 - 09:54

De gemeente Kollumerlân mei gjin huzen bouwe by de Tochmaleane by Kollum. De Ried fan Steat hat in streek helle troch de plannen. Neffens de Ried is der gjin ferlet fan sa'n nij projekt om't der ferskate oare boulokaasjes net brûkt wurde. Ek giet it om leechstân en ferpaupering en hat de gemeente gjin rekken hâlden mei de krimp.

Wethâlder Visser is slim teloarsteld. Neffens him wurde benammen de starters op de wenningmerk dêr de dupe fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)