Rekôrpoging simultaan lêze

02 sep 2010 - 08:48

Basisskoalle 't Heechhôf yn Drachten docht oare wike tongersdei mei oan de nasjonale rekôrdpoging simultaan foarlêze. 30.000 bern út it hiele lân lêze tagelyk foar út itselde boek. Dat gebeurt yn it ramt fan de wike fan de alfabetisearring.

Op de Drachtster basisskoalle begjinne 145 bern om trije oere middeis te lêzen. Dat dogge se ien minuut lang, út it boek 'Geel Gras' fan Simon van der Geest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)