SP wol prate oer útkearings

02 sep 2010 - 08:32

De SP yn Ljouwert is op syk nei minsken dy't fan de gemeente in legere of gjin útkearing mear krije. It giet om hûndert minsken mei in útkearing dy't net nei in manifestaasje kamen dy't de gemeente organisearre hie om se oan in baan te helpen.

De SP tinkt dat in oantal minsken yn de problemen komt en wol se helpe by it sykjen fan in oplossing. De SP wol ek sjen at de útkearingsgerjochtigden en de gemeente har oan de ôfspraken holden hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)