Ekolooch bliid mei slykgrien
In saakkundige hat woansdei it plantsje slykgrien besjoen. De ferneamde ekolooch Eddy Weeda kaam nei Kollumerpomp foar it seldsume en bysûndere plantsje.
Eddy Weeda is entûsjast oer de fynst fan it slykgrien. It is it twadde plak oan feste wâl dêr't it fûn wurdt yn Nederlân. Yn in gebiet dat nij ôfgroeven is foar natuer.