Middelseegemeenten wurkje gear

01 sep 2010 - 16:25

It Bilt, Menameradiel, Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel sille tenei yntinsyf gearwurkje. Njoggen ôfdielings, lykas ûnderwiis- en jeugdbeleid, iepenbiere oarder en feiligens komme by ien fan de gemeenten. Sa kin effisjinter en goedkeaper wurke wurde.

De gemeenten kinne sa selsstannich bliuwe. De provinsje easket fan alle gemeenten dat se in plan yntsjinje om it bestjoer sterker te meitsjen. De Middelseegemeenten tinke dat se dêr mei dizze gearwurking oan foldogge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)