Parkearkelder letter iepen

01 sep 2010 - 16:20

De parkeargaraazje by winkelsintrum it Saailân yn Ljouwert giet pas yn maart 2011 iepen. Dat is in healjier letter as de planning. By de bou is asbest fûn en troch de lange winter koe it wurk net trochgean.

Neist it feit dat de garaazje letter iepen is, kostet de fynst fan asbest ek noch 2,5 miljoen euro ekstra. Dizze kosten passe neffens de gemeente Ljouwert wol binnen it budzjet.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)