Henk de Jong net nei Emmen

01 sep 2010 - 15:32

Henk de Jong wurdt gjin trainer fan FC Emmen. Petearen oer in kontrakt binne woansdei op neat útrûn. Neffens De Jong is in funskje by Emmen net goed te kombinearjen mei syn wurk by Harkemase Boys. Foar De Jong is dat in foarwearde. Hy wol beide klups net te koart dwaan.

De Jong seit dat hy goeie petearen mei Emmen hân hat en slút net út dat er yn de takomst noch wat foar de Drintske klup dwaan kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)