Earder ein oan eveneminten

Eveneminten yn Tytsjerksteradiel moatte earder ophâlde. Dat stiet yn it nije evenemintebelied. Der wiene geregeld klachten oer doarpsfeesten yn tinten. Oan it beslút is hiel wat foarôf gien. Der hat in ynspraakjûn en in spesjale riedsgearkomste west. In ûndersyksburo frege de boargers hoe't sy tinke oer de slutingstiden.
De muzyk op eveneminten moat tenei om 1.30 oere út, nei 2.00 oere mei net mear skonken wurde en om 2.30 oere moat de tinte leech wêze.