CDA-striid fernuveret Friezen

De measte Fryske CDA'ers fernuverje har oer de striid binnen de partij. Tiisdei waard bekend dat der grutte striid is yn de fraksje oer oft se trochgean moatte mei ûnderhanneljen mei VVD en PVV.
De CDA-fraksje fan de Twadde Keamer is woansdei om 12.00 oere wer yn krisisberied gien. In tal keamerleden soe prinsipiele beswieren ha tsjin de PVV. Neffens âld-Twadde Keamerlid Sytze Faber soe der sprake wêze fan in machtsstriid.