'Untslach Pointer doocht net'

01 sep 2010 - 12:07

It is ûnterjochte dat fjouwer minsken mooglik ûntslein wurde by Pointer. Dat fynt FNV Bondgenoten. Tiisdei joech direkteur Haisma oan dat it fabryk yn Bûtenpost ophâldt mei it yn elkoar setten fan fytsen. Foar 4 minsken soe dêrom gjin wurk mear wêze.

Neffens it fakbûn kloppet der neat fan. It bedriuw giet troch mei it meitsjen fan fytsen en boppedat binne der gjin fjouwer, mar 13 monteurs. De oare monteurs soene foar in oar bedriuw binnen it bedriuw wurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)