Skorsing CDA berie ferstannich

01 sep 2010 - 07:02

It is ferstannich dat it oerlis tusken de CDA partijtop en fraksje skorst is. Dat fynt Douwe Tamminga, foarsitter fan CDA Fryslân. Tiisdeitejûn hat de CDA fraksje oerenlang om tafel sitten. De diskusje giet oer it al of net fierder gean mei de ûnderhannelings foar in rjochts kabinet mei VVD en gedoochsteun fan de PVV.

Om 12 oere giet it CDA oerlis fierder. Tamminga giet der fanút dat der dan soarchfâldich in beslút naam wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)