60.000 Friezen offline

31 aug 2010 - 18:56

Sa'n 60.000 Friezen sitte noch net op it ynternet. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. It giet dêrmei om goed 10 persint fan de totale Fryske befolking, meast âlderen. De kommende moannen wol in kompjûterbedriuw yn Fryske biblioteken kompjûterkursussen oan âlderen jaan.

It bedriuw, SimPC, hat no ek in kompjûter ûntwikkele mei in touchscreen, spesjaal bedoeld foar âlderen. De lanlike yntroduksje dêrfan fynt plak yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)