Legere BTW goed foar de bou

© Omrop Fryslân
Fryske boubedriuwen kinne profitearje fan de ferleging fan de BTW-tariven foar ferbouwingen, dat seit CNV Bouwnijverheid. De maatregel is neffens har lykwols wol te let naam en rint ek te koart. Oant en mei 1 july 2011 is it BTW-taryf foar ferbouwings ferlege fan 19 nei 6%. Der is ôfpraat dat dy koarting trochberekkene wurde sil oan de klanten. Sa moat de bou stimulearre wurde. Mei itselde doel bliuwt ek de dûbele hypoteekôflûk hanthavene.