Minder omset foar VDL

Busbouwer VDL hat yn de earste helte fan dit jier minder omset makke as yn deselde perioade fan 2009. De omset wie 273 miljoen euro, ferline jier gie it om 353 miljoen euro. VDL hat wol in tal grutte oarders binnenhelle, mar yn fergelyk binne dat der krekt wat minder as yn 2009.
Ien en oar hat te krijen mei de tanimmende konkurrinsje, mar der binne ek hege kosten makke foar it ûntwikkeljen fan nije bussen.