Gjin hûnen op de seedyk

Kontrôles fan it Wetterskip op losrinnende hûnen op de seedyk, ha oant no ta gjin oertredings oan it ljocht brocht. It wetterskip kundige yn juny oan dat der tenei jildboeten útdield wurde soene.
De Waadseedyk en de Iselmardyk ha neffens it wetterskip bot te lijen fan losrinnende hûnen. Se meitsje de skiep op de diken oerstjoer en grave soms gatten yn de dyk. De boete foar losrinnende hûnen is 60 euro.