E.Stell. net út rekreaasjeskip

De gemeente Eaststellingwerf bliuwt lid fan it rekreaasjeskip Drinte, mar slút besunigings net út. It fiifjierliks lidmaatskip is yn 2006 yngong. Neffens de gemeente is it lidmaatskip wichtich by it realisearjen fan foarsjennings op it mêd fan rekreaasje en toerisme.
It rekreaasjeskip Drinte wie ûnder oare belutsen by de opset fan it fytsknooppuntesysteem en de ûntwikkeling fan fyts- en kuierkaarten.