Proefprojekt foar drugsoerlêst

Ljouwert is ien fan de tsien gemeenten yn Nederlân dy't jild krijt foar in proefprojekt om oerlêst by coffeeshops foar te kommen. Den Haach stelt hjir 3,3 miljoen euro foar beskikber. Ljouwert krijt oardel ton. De gemeente ynvestearret sels 50 tûzen euro yn it projekt.
Yn de proefprojekten wurdt besjoen hokker nije maatregels effektyf binne om oerlêst yn de buert fan coffeeshops te bestriden, sadat ek oare gemeenten dy maatregels tapasse kinne.