Lange files foar Ljouwert

31 aug 2010 - 11:55

It autoferkear oan de súdkant fan Ljouwert hat tiisdeitemoarn grutte hinder hân fan in stoaring fan de ferkearsljochten by Goutum. It ynkommende ferkear kaam troch it mankemint hielendal op slot te stean.

De ferkearsdrokte waard noch slimmer troch wurksumheden oan de nije fytstunnel by it Oostergoplein. Al mei al moasten de automobilisten rekken hâlde mei in opûnthâld fan sawat in oere. De oarsaak fan de stoaring is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)