Molkfabryk werom yn Steggerda

31 aug 2010 - 11:30

Yn Steggerda komt it âlde molkfabryk werom. Yn 1975 waard it fabryk sletten en sloopt. De stoommasine fan it fabryk is bewarre bleaun en pleatslik belang wol dêr in gebou omhinne meitsje. Dat komt der krekt sa út te sjen as it molkfabryk fan eartiids, mar dan lytser.

Meielkoar kostet it gebou sa'n 40.000 euro, dit wurdt opbrocht troch subsydzjes. Ein septimber wurdt úteinset mei de bou, dy't sawat in heal jier duorje sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)