Nepwapens yn beslach nommen

31 aug 2010 - 10:07

De plysje hat yn Balk nepwapens yn beslach naam. In tsjûge seach sneon twa jonges yn de boarterstún mei in wapen en warskôge de plysje. Nei't it wapen yn beslach naam wie, waard dúdlik dat it om in nepwapen gie. De jonges seine dat it wapen fan de merke kaam.

De plysje is nei de merkeman gien en dy hat de nepwapens ynlevere. De plysje ropt minsken op om de nepwapens op it buro te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)