Proef Waddentaxi hâldt op

© Omrop Fryslân
It proefprojekt mei de Waddentaxi dy't Amelanner bern fan en nei it spesjaal ûnderwiis oan de fêste wâl bringt, hâldt op. In krappe mearderheid fan de ried fan de gemeente It Amelân hat der gjin 36.000 euro foar oer. It CDA fynt de Waddentaxi te djoer. Ameland '82 is ek tsjin.
De proef begong dizze maitiid. De Waddentaxi fart njoggen bern hinne en wer. De fartiden slute oan op de skoaltiden. It projekt is in inisjatyf fan boargemaster De Hoop.