Glêsfezelnetwurk yn T'diel

30 aug 2010 - 22:41

Der komt in glêsfezelnetwurk yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Fyftjin ûndernimmers út Burgum en Sumar wolle har dêr graach op oanslute. Yn septimber wurdt it netwurk oanlein troch Kabel Noord út Dokkum. Begjin desimber moatte de bedriuwen op de nije ynternetferbining wurkje kinne.

It is aardich prizich om in glêsfezelnetwurk oan te lizzen op it plattelân. Dêrom is yn it foar sjoen hokker bedriuwen ynteressearre binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)