Harns fernijt binnenstêd

De Foarstrjitte yn Harns
Yn Harns komt oeral yn de binnenstêd deselde soart strjitferljochting en deselde soart klinkers. Dat is ien fan de werynrjochtingsplannen fan de gemeente om mear minsken nei de binnenstêd te lûken. Ek de rioelearring en gasliedings wurde yn guon strjitten oanpakt.
Yn totaal wurdt der yn 4 strjitten wurke. Moandei is úteinset mei de twadde faze fan werynrjochting. Letter komt ek in tredde faze, dan wurde de Prinsenstraten en Havenplein oanpakt.