Mear parkearromte MCL

Noch mear plak yn de takomst
It MCL yn Ljouwert sil de kommende moannen bot ynvestearje yn mear parkearplakken. De kapasiteit fan de parkeargaraazje efter it sikehûs sil omheech gean fan 600 nei 900 plakken.
De garaazje is bedoeld foar meiwurkers fan it sikehûs. Der sille mear frije plakken wêze by de gewoane parkearplakken om't daliks mear meiwurkers yn de spesjale garaazje parkeare. It is de bedoeling dat de wurksumheden yn jannewaris 2011 klear binne.