Kennis konservator bewarje

30 aug 2010 - 19:46

Om de kennis fan konservatoaren ek nei harren pensjoen foar it museum te behâlden hat it Frysk Museum ferneamd ûndersyksinstitút TNO ynskeakele.

Dy moat foar it Frysk Museum, mar ek foar alle oare Nederlânske musea, in systeem betinke dêr't de kennis yn opslein wurde kin. Dan giet it bygelyks om wêrom't in bepaalde stoel yn de Hylper Keamer fan it museum stiet? TNO sil yn in wike tiid besykje te betinken hoe't sokke ynformaasje it bêste opslein wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)