Alders Poortema nimme stappen

De âlders fan soldaat Aldert Poortema fan Drylts geane yn heger berop tsjin de liedingjaanden fan harren soan. Poortena kaam yn 2008 yn Afganistan troch Nederlânske kûgels om it libben.
Neffens de legerlieding gie it om in kommunikaasjeflater. Ek it iepenbier ministearje seach gjin reden ta ferfolging. De famylje Poortena fynt lykwols dat de liedingjaanden grutte flaters makke ha. It heger berop tsjinnet by it gerjochtshôf yn Arnhim.