Plysje drok mei spoekrider

30 aug 2010 - 15:13

De plysje hat moandeitemoarn de hannen fol hân oan in spoekrider. In frou (48) fan It Hearrenfean wie sûnder erch in ôfrit fan 'e A32 opriden. Nettsjinsteande warskôgingsbuorden en toeterjende auto's is de frou de dyk opriden. Doe't se ûntduts dat se op de ferkearde helte fan de dyk siet hat se de auto yn de middenberm delset.

De plysje hat in part fan 'e dyk ôfset om de frou en har auto fuort te krijen. De bestjoerster moast har rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)