Lân te wiet foar bouboeren

30 aug 2010 - 12:50

It wiete waar fan de lêste fjouwer dagen soarget foar flinke fertraging by it roaien fan de jirappels. Sûnt tongersdei is der op in soad plakken wol 80 mm reinwetter of mear fallen. Dat betsjut dat bouboeren net mear dwaan kinne as yn de skuorre de masines wat neisjen.

Ek de leanbedriuwen kinne op it stuit net folle, omdat it lân fierstente wiet is foar harren trekkers en oare masines. Guon bedriuwen hawwe de meiwurkers sels in snipperdei jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)