Syljacht yn problemen op see

© Omrop Fryslân
De rêdingsboat fan it Amelân begeliedt op dit stuit in Deensk syljacht mei twa opfarrenden oer de drokke seerûte boppe Skylge. It 10 meter lange skip kaam moandeitemoarn yn de problemen trochdat de motor it net mear die.
Troch swier stoarmwaar gie in part fan it syltúch stiken. Dat alles barde op 45 mijl boppe Skylge. De kustwacht en de rêdingsboaten fan Skylge en Amelân hawwe help ferliend. De opfarrenden wolle graach op har skip bliuwe en farre no fierder mei in lyts syl.