Pasjinten lizze lang yn it MCL

It MCL yn Ljouwert is ien fan de sikehûzen yn Nederlân dêr't pasjinten it langst ferbliuwe. Dat docht bliken út in ûndersyk nei it tal dagen dat in pasjint yn in sikehûsbêd leit yn 2009. Yn trochsneed lizze pasjinten krekt wat mear as 3,5 dei yn it sikehûs.
Neffens direkteur Wander Blaauw komt dat benammen troch de fergrizing en it grutte tal swierdere hertoperaasjes dy't yn it sikehûs útfierd wurde. By it UMC Grins lizze de pasjinten mei hast 6 dagen it langst yn it sikehûs.