Trije bekeurings foar ien man

By in snelheidskontrôle op de Anne Vondelingwei yn Ljouwert hat de plysje sneintejûn in rige bekeurings útdield. Ien fan de hurdriders koe him net identifisearje. De plysje twifele oan syn ferhaal en naam him mei nei it buro. Dêr die bliken dat de man in falske namme opjûn hie en dat hy ried wylst hy noch in rydûntsizzing hie.
De man krige dêrop trije bekeurings; ien foar it hurde riden, it opjaan fan in falske namme en foar it riden wylst dat net mocht.