Ferbou museum Snits op skema

De grutte ferbouwing fan it Frysk skipfeartmuseum yn Snits leit op skema. It museum sit al hast in jier yn de ferbouwing. Nei de ferbouwing kinne bern terjochte yn in eigen bernemuseum en komt der ek in better plak foar de bibleteek en mear romte foar groepen.
De ferbouwing kostet meielkoar 2,7 miljoen. Direkteur Meindert Seffinga ferwachtet nei de ferbouwing 27.000 besikers en dat binne 3.000 mear as no.