Partoer V.d.Bos wint yn Huzum

29 aug 2010 - 17:17

De finale fan de frije formaasjepartij fan snein yn Huzum gie tusken de partoeren fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger en dat fan Chris Wassenaar, Jacob Wassenaar en Marten Feenstra. It partoer fan Gert-Anne van der Bos wûn de finale op 5-3 en 6-6. Gert-Anne van der Bos waard útroppen ta kening.

It is de tolfde oerwinning fan it seizoen foar it trio Van der Bos. De tredde priis gie nei Jan Dirk de Groot, Karel Nijman en Pier Piersma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)