Snitser yninoar slein

29 aug 2010 - 13:21

In 21-jierrige Snitser hat sneontejûn sûnder oanlieding in 39-jierrige plakgenoat oant twa kear ta yninoar slein. De mishanneling barde op it Keatslân. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne oan syn holle en moast nei in dokter.

De plysje koe de fertochte koarte tiid letter oanhâlde op de Pikesylstrjitte. Hy waard oerbrocht nei it plysjeburo en waard dêr ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)