Jonge Ljouwerters mishannele

29 aug 2010 - 13:19

Trije Ljouwerters fan 15, 17 en 20 jier binne sneontejûn mishannele yn harren wenplak. De slachtoffers rieden oer de Ludinga en moasten stilstean foar in groepke froulju dat op 'e dyk stie. Efkes letter kaam der in groep jonges oan dy't de Ljouwerters begong te slaan. Doe't de slachtoffers wer yn de auto stapt wiene, skopten de fertochten ek noch tsjin de wein oan. Dêrby waard in achterljocht fernield.

De plysje hat noch socht nei de jonges, mar koe se net mear fine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)